Kursus Sealtersk fan Pyt Kramer
mei help fan
Margaretha Grosser
Thússide
kursussen
It Sealtersk wurdt sprutsen yn West-Oldenburg. It kin beskôge wurde as it bêst bewarre Frysk.
 
 
Mear kursussen Spraakleare Stavering Yndeks Kursus-FORUM

Mear oer de eftergrûn fan de tapaste ûnderdompelingsmetoade is te finen op
http://olle-kjellin.com/SpeechDoctor/ProcLP98.html

Ynlieding

Dizze kursus is in tige útwreide en ferbettere útfiering fan in eardere kursus fan trije lessen. Hy is makke nei foarbyld fan de aardich rinnende kursus Frysk, dy't mear as tûzen bisites yn'e moanne krijt.

De 15 lessen befetsje de 197 meast foarkommende wurden, wêrmei't
65% fan 'e deistige spraak omfette wurdt. Fierders kamen der ek noch ferskate oare wurden en foarmen by, dy't nedich wiene om goede petearen te krijen; de wurdlist befettet no 478 dêrfan. Op dy wize krijt de learling in goede begjinkennis fan'e praktyske taal. De lêste les behannelt wat aparte gefallen.

Foar alle lessen haw ik it tal oefeningen* flink fergrutte, dat de brûker krijt de gelegenheid om him /har yngeand mei de taal dwaande te hâlden en der goed gefoel foar te krijen.
*Der binne no sa'n 600 oefeningen, dêr't de helte fan "programmearre" is, d.w.s. in ynboude korreksje hat.

By elke les kin in aparte wurdlist oproppen wurde, dy't de nij learde wurden sjen lit, tagelyk mei de Fryske oersetting en mûglike opmerkings foar algemiener gebrûk.
Der is ek in "waaksende spraakleare" oanwêzich, dêr 't de nije wurden yn in grammatikaal skema yn oardere binne, wat oan 'e ein in "woeksene spraakleare" oplevert, mei in aparte list fan
tiidwurden en getallen.
It earste foarkommen fan in wurd yn'e lessen kin mei help fan in alfabetyske list samar weromfûn wurde. Fierders binne der oersichten fan'e Sealter
útspraak en stavering. Oan 'e ein wurdt wiisd op materiaal om fierder te studearjen.

In ljochtsjend foarbyld by dizze kursussen wiene foar my de on-line kursussen
Bretonsk.
By it útsykjen fan 'e oefeningen hie ik gâns nut fan myn ûnderfining as dosint Nederlânsk as twadde taal.

Opset fan'e kursus: De earste les begjint mei in tige ienfâldich petear, wylst yn'e lettere lessen hieltyd hegere easken oan'e studearjenden steld wurde. Yn elke les krijt de studint daliks sprutsen Sealtersk te hearren sûnder tekst. Dêr wurde dan wat fragen oer steld, om de selswurksumens te befoarderjen. Dan moat men in sprekker neisizze en dan syn rol yn it petear oernimme. Sa wurdt de krekte útspraak oefene, sûnder dat men troch de tekst steurd wurdt. Tagelyk krijt men al wat gefoel foar de taal en men wit wat te sizzen! Dat is noch mear it gefal yn'e folgjende lessen, dêr't de teksten te lang binne om se te ûnthâlden, dat de brûker wurdt dan twongen ta ymprovisaasje.
Dat selde wurdt nochris dien mei de skreaune tekst der njonken, wêrby't de studint oantrúnd wurdt de list mei nije wurden en syn waaksende spraakleare yn te sjen. Dan komme de oefeningen, lykas oersette, ferstean, wier/ net wier, meitsje in goede sin, typ it goede wurd en skriuw en sprek. Sa is de studearjende drok mei de tekst oan 'e gong, wêrtroch't de taal op in natuerlike wize leard wurdt.
Foar de dúdlikens wurde skiedbere tiidwurden altyd apart skreaun, b.g. fääre gunge ynstee fan fääregunge 'fierdergean'.

It Sealtersk hat net folle dialektferskaat. Dizze kursus is basearre op'e tongslach fan Roomelse. In pear ôfwikings binne yn'e wurdlist oanjûn mei U (Uutände/ Strücklingen), S (Scharrel).

Tige tankje wol ik Margaretha Grosser foar har ûnmisbere help,
lykas ek
Thomas Göppel foar it gebrûk fan syn website Allezhop.de.

As der fragen binne,
skriuw dan dochs.
Dat jildt ek foar technyske problemen.
De lettergrutte is yn te stellen troch boppe (yn Internet Explorer) te klikken op Beeld en dan op Tekengrootte.

2 desimber 2006, Pyt Kramer.